Warkum krijt mooglik dochs mfc

27 jan 2008 - 12:47

Warkum krijt miskien dochs ien grut gebou foar in skoalle en sport- en kultuerfoarsjennings. Dêryn soe in kristlike basisskoalle, in biblioteek, in sporthal, in swimbad en in sintrum foar de keunsten komme moatte. Earder rûnen de ûnderhannelings mis omdat guon partijen net meidwaan woene.

B en W fine no dat ek sjoen wurde moat nei de partijen dy't wól meidwaan wolle. Op 5 febrewaris praat de ried fan Nijefurd oer de kwestje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)