Underskieding foar Iris Kroes

27 mrt 2012 - 19:18

Iris Kroes is ûnderskieden foar har promoasje fan de harp. Yn it radioprogramma fan Giel Beelen krige se de Harp Award útrikt fan de direkteur fan it Dutch Harp Festival, dat woansdei úteinset.

Se krijt de ûnderskieding omdat se mei har optredens yn The Voice of Holland de harp by in miljoenepublyk ûnder de oandacht brocht hat. Snein spilet Kroes sels ek noch op it festival.

Trefwurden: 
festival Iris Kroes harp award
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)