Twa Eanjumers ferwûne

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op de Saatsenwei yn Eanjum binne twa ynwenners fan dat plak ferwûne rekke. Se sieten yn in brommobyl. Dy kaam frontaal yn botsing mei in persoane-auto.
De bestjoerder fan de auto hie neat, mar de minsken yn de brommobyl moasten nei it sikehûs. It giet om in 61-jierrige man en in 55-jierrige frou út Eanjum. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.