Tsjûgen socht fan mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling fan in 19-jierrige man yn Ljouwert. Woansdeitejûn kaam de man op de Prins Hendrikkade in bekende tsjin. Hy hie dêr al in skoft spul mei. It slachtoffer krige fuortendalik in klap en waard yn it bil stutsen.
De plysje hâlde in dei letter in 17- jierrige Ljouwerter as fertochte oan, mar is no noch op syk nei minsken dy't wat sjoen hawwe fan de rûzje.