Noch gjin plak foar pjutten

Het Wulpennest gie folslein ferlern (foto Alex Zwart)
Kommende wike komt der noch gjin ferfangende romte foar it ôfbrânde pjutteboartersplak Het Wulpennest op It Hearrenfean. Neffens de oerkoepeljende organisaasje Kinderwoud binne der wol in pear opsjes. Sneon binne de âlden fan de bern ynljochte.
De organisaasje giet der fanút dat it gebou hielendal tsjin de flakte moat. Der wie krekt foar tûzenen euro's ynvestearre yn nije meubels en nije boartersmaterialen.