Wulpennest H'fean útbaarnd

Brân is werskynlik oanstutsen (foto Alex Zwart)
Oan de Wulpstraat op it Hearrenfean is freedtenacht pjutteboartersplak 'Het Wulpennest' foar it grutste part útbaarnd. It liket derop dat de brân oanstutsen is. Om healwei trijen krige de brânwacht de melding. It wie dreech om genôch bluswetter te krijen.
De brânwacht hat oerwage om trije huzen yn de buert te ûntromjen, mar úteinlik wie dat net nedich. Der wurdt ferfangend plak foar pjutten socht. By de brân is asbest frijkommen.