Goed jier Harnzer fiskôfslach

De fiskers brochten yn 2007 yn Harns folle mear fisk nei de ôfslach.
Op de fiskôfslach Insula yn Harns is ferline jier mear fisk oanfierd as yn 2006. Gemiddeld is by de 11 ôfslaggen de oanfier ôfnommen. Dat Harns dan dochs safolle better skoard hat komt benammen troch de grutte oanfier fan garnalen.
De takomstferwachting fan de sektor is lykwols net geunstich, men ferwachtet dat de omsetten flink weromrinne sille, omdat de fiskers folle minder fange meie en de kosten heech binne.