Kommisje foar werbeneaming

Krijt boargemaster Kuiper in nije termyn?
De ried fan Skarsterlân stelt in fertrouwenskommisje yn dy't besjen moat oft boargemaster Kuiper op 'e nij beneamd wurde moat. Yn oktober rint de amtstermyn fan Kuiper ôf.
De fertrouwenskommisje sil in ferslach meitsje fan it funksjonearjen fan de boargemaster. Dat ferslach wurdt earst mei de boargemaster besprutsen en dêrnei oan de ried foarlein. De ried sil yn maart in beslút nimme oer de werbeneaming.