Aris Friesland ferliest

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris hawwe tongersdeitejûn dik ferlern fan de Giants. De einstân wie 76-106 foar de ploech út Bergen Op Zoom. Yn it begjin fan de wedstriid koe Aris aardich meikomme, mar nei it skoft gie it mis.
De Ljouwerters misten in grut tal skotten op rige en dêrtroch koene de Giants útrinne. Aris bliuwt op it ien-nei-lêste plak stean yn de kompetysje, allinnich Den Helder stiet dêr noch ûnder.