Bliid mei plannen tsjin stank

25 jan 2008 - 14:03

Omwenners fan Ecopark De Wierde by Aldehaske binne bliid mei de plannen om de stankoerlêst oan te pakken. Ut mjittings hat bliken dien dat de ferwurking fan hûssmoargens twa kear safolle stjonkt as neffens de fergunning mei. Dêr kamen in soad klachten oer.

Der komt no in ôfsûchynstallaasje. De Wierde tinkt der ek om dat de doarren fan de ferwurkingsynstallaasje ticht binne as der net lost wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)