Ferplichte muilkorf foar hûnen

Om biten foar te kommen, moatte de hûnen in muilkorf ha
In ynwenner fan Oerterp moat syn trije hûnen by it útlitten in riem en in muilkorf omdwaan. Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Opsterlân hawwe dat besletten.
Oanlieding is in ynsidint yn desimber ferline jier. In frou waard biten troch ien fan de hûnen. Omwenners waarden dêr sa benaud fan, dat se oan de belle lutsen. It giet net om hûnen dy't as gefaarlik oanmerkt binne. It binne retriever-achtigen.