"Gjin gefaar foar skippers"

De oefeningen by Breesândyk wiene net gefaarlik foar skippers op de Iselmar
Skippers op de Iselmar ha tongersdei gjin momint yn gefaar west troch de sjitoefeningen fan de Keninklike Lânmacht by Breezanddyk. Dat seit Definsje yn reaksje op beskuldigingen fan de skippers.
Sij wiene dwaande mei sânwinning doe't se nei eigen sizzen besketten waarden. De granaten sloegen op sa'n 150 meter fan de boaten yn it wetter. Definsje seit dat de skippers dêr sels skuld oan ha. Sy wiene te ticht bykaam.