"Klûs sit fol beton"

25 jan 2008 - 10:20

De klûs dy't oardel wike lyn fûn is op it strân fan it Amelân, sit mooglik fol mei beton. De klûs soe út Grand Café Van Heeckerenhuis yn Nes ôfkomstich wêze. Dat wurdt op it stuit ferboud.

De klûs soe by wize fan grap op it strân dellein wêze. Dêr waard er fûn troch jutter Metz fan it eilân. Dy hat him noch net iepenmakke, want de plysje hat him dêr noch gjin tastimming foar jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)