Needopfang Wytmarsum leech

25 jan 2008 - 10:15

De lêste bewenners fan de needopfang yn Wytmarsum ferhûzje freed nei harren nije ûnderkommen. Der wenje op it stuit noch alve minsken yn de needopfang. Sij wurde ûnderbrocht yn it Sint Anthony Gasthuis yn Boalsert en yn de Stay-Okay yn Grou.

De ferhûzing is mooglik makke mei jild fan donateurs. Mei dat jild kinne de minsken noch twa moanne op de nije lokaasjes opfongen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)