Grut ûndersyk nei sport

24 jan 2008 - 21:13

Sa'n 2500 skoalbern tusken de 13 en 18 dogge takom moanne mei oan in grut sportûndersyk. Sport Fryslân wol sa útfine hoefolle oft se oan sport dogge en hoefolle oft se bewege.

Oerheden, skoallen en sportferienings kinne de útkomsten brûke foar it meitsjen fan nij belied en plannen spesjaal foar de jeugd. It ûndersyk bestiet út tritich fragen dy't de bern op ynternet beantwurdzje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)