Soad folk bij Woudagemaal

24 jan 2008 - 20:23

It Woudagemaal bij de Lemmer hat de ôfrûne dagen in soad publyk lutsen. It stoomgemaal wie yn wurking set om al it reinwetter fan de ôfrûne dagen fuort te pompen. It wie doe ek iepen foar it publyk. Der ha sa'n 1500 minsken west om te sjen hoe't it stoomgemaal wurket.

Wetterskip Fryslân stelt it Woudagemaal freed wer bûten wurking, omdat de wetteroerlêst foar it grutste part foarby is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)