Seehûnen Waadsee wer op peil

24 jan 2008 - 19:37

Yn de Waadsee libje wer krekt likefolle seehûnen as foar de epidemy fan de seehûnesykte yn 2002. Ferline jier binne ûngefear 17-en-in-heal tûzen seehûnen teld foar de Nederlânske, Dútse en Deenske kust. Dat hat it Internasjonale Waadseesiktariaat yn Wilhelmshaven meld.

Yn 2006 waarden 15.000 seehûnen teld. Troch de seehûnesykte binne yn 2002 tûzenen bisten deagien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)