Ekstra 'Zelle' útferkocht

© Omrop Fryslân
De ekstra foarstelling fan it stik Zelle, fan tonielselskip Tryater, is útferkocht. De ekstra opfiering is moarn. Der is sa'n soad belangstelling foar it teaterstik oer de ferneamde dûmny Zelle, dat Tryater der oer tinkt om it stik takom jier faker te spyljen.
Yn de foarstelling krûpt akteur Freark Smink yn de hûd fan dûmny Zelle. It stik wurdt regisseard troch Hans Man in 't Veld.