Plysjesparplan smyt neat op

Plysjes dupearre troch sparplan
Plysjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte binne dupearre troch in sparplan dat neat opsmiten hat. De belizzingspoalis fan Nationale Nederlanden rint sûnt 1993. Op oanrieden fan 'e lieding koene de wurknimmers ynstappe. No docht bliken dat der gjin rendemint is.
It Nederlânske Plysjebûn steurt him oan 'e oanrikkemendaasje fan 'e lieding. Se sammelje klachten en komme mooglik mei juridyske stappen.