Pier Pander-ekspo ôfsluten

24 jan 2008 - 14:12

De Pier Pander-Manifestaasje yn it Fries Museum yn Ljouwert hat yn in healjier 36.000 besikers lutsen. Snein wie de lêste dei. De útstalling joech in byld fan it libben en wurk fan de Fryske byldhouwer Pier Pander, dy't libbe fan 1864 oant 1919. De tentoanstelling krige as beoardieling it sifer 8.

In part fan 'e útstalling giet tongersdei op transport nei Rome nei de Galleria Nazionale d'Arte Moderne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)