Cambuur mist protte spilers

Sandor van der Heide hat in blessuere oan syn hakke
Sportclub Cambuur moat it freedtejûn yn de wedstriid tsjin AGOVV dwaan sûnder Marc Mboua, Kasali Yinka Casal en Sandor van der Heide. Alle trije spilers binne blesseare. Hoe't de basisopstelling derút sjen sil, is noch net dúdlik.
De lêste training stie ûnder lieding fan assistint-trainer Alfons Arts. Jurrie Koolhof hat it yn 'e rêch. Nei alle gedachten sit hy tsjin AGOVV wol op de bank.