Rekord besikers Planetarium

Eise Eisingamuseum: sa folle besikers wiene der noch net earder
It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer hat ferline jier hast 43.000 besikers lutsen. Dat is in rekordtal. Yn 2006 kamen der 37.000 minsken nei it museum.
It museum tinkt dat de groei benammen komt troch it 225-jierrich jubileum en alle publisiteit dêromhinne. De opname fan it planetarium yn 'e kanon fan de Nederlânske skiednis spilet grif ek in rol, tinke meiwurkers fan it Frjentsjerter museum.