Wylde aksje Noardseefiskers

24 jan 2008 - 12:00

Noardseefiskers fiere aksje yn Harns en Lauwerseach. Se wolle in fêste kilopriis foar skol en tong, oars fertsjinje se neat op harren fangsten. Foar in kilo tong krije se no 5 euro. Dat moat 8 euro wêze. Foar skol wolle se 1,80 euro hawwe. De djoere brânstof soarget der ek foar dat de opbringsten leech binne.

Oan 'e wylde aksje dogge 120 skippen mei. Mooglik bliuwe de fiskers twa wike foar de wâl lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)