'Inkeld wynmûnen by stêden'

© Omrop Fryslân
Hege wynturbines lykas oan 'e Waadseekust by Surch moatte der yn 'e takomst net wer komme. As der al nije hege mûnen bykomme moatte, dan passe dy better by stêden lykas Harns en Delfsyl. Dat fynt de Raad voor de Wadden.
De ried hat ûndersyk dien nei de effekten fan wynturbines oan 'e Waadseekust. Dêr is útkommen dat hege mûnen it iepen kustlânskip oantaaste en trekrûtes fan fûgels fersteure.