Oanriding mei joyrider

© Omrop Fryslân
In frou (24) út Lekkum is woansdei ferwûne rekke op 'e Canterlansewei by har wenplak. Se kaam yn botsing mei in automobilist út Ljouwert (19), rekke fan 'e wei en kaam heal yn 'e sleat telâne.
De Ljouwerter ried sûnder rydbewiis en hie de auto sûnder tastimming fan de eigner meinaam. Hy hat in prosesferbaal krigen. De frou is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Ljouwert oerbrocht.