Garyp: motor botst op auto

24 jan 2008 - 10:22

In 51-jierrige motorrider út Burgum is woansdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding yn Garyp. Hy riedt op It Westerein yn de rjochting fan de Harinxmawei doe't er op de auto fan in 28-jierrige man út Gytsjerk klapte. Dy stie stil om ôf te slaan. De motorrider seach him te let.

De Burgumer is mei ûnbekende ferwunings nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)