Kamera's op It Hearrenfean
Der moat kameratafersjoch komme yn 'e gemeente It Hearrenfean. Dat wolle B en W. De kamera's moatte benammen yn gebieten komme te hingjen dêr't net in soad minsken komme. Der moat earst in proef komme op de bedriuweterreinen fan It Hearrenfean-Noard.
Doel fan 'e kamera's it ferbettering fan 'e feiligens. De gemeenteried praat meikoarten oer it foarstel.