Yn pyjama nei bernedeiferbliuw

© Omrop Fryslân
De bern op bernedeiferbliuw De Speelhoeve yn Loaiingea koene woansdei de pyjama oanhâlde. Der stie in moarnsbrochje op it programma en by it iten krigen de bern in aardich ferhaaltsje te hearren. Dat barde yn it ramt fan it Nationale Voorleesontbijt.
De gedachte dêrachter leit foar de hân: hieltyd minder âlders lêze de bern foar, wylst it wol hiel goed is foar de ûntwikkeling fan de bern.