Hearrenfean wint saak-Alves

23 jan 2008 - 17:19

De arbitraazjekommisje fan 'e KNVB hat de eask fan AZ dat SC Hearrenfean fuortendaliks meiwurkje moat oan de transfer fan Afonso Alves nei dy klub ôfwiisd. AZ tocht in goed kontrakt mei Hearrenfean te hawwen, mar neffens de arbitraazjekommisje is dat in fersin.

Tongersdei tsjinnet de arbitraazjesaak fan Alves tsjin AZ. Neffens Alves is der gjin definityf kontrakt dat him oan AZ bynt, mar allinnich mar in konsept.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)