Connexxion pakt klachten oan

© Omrop Fryslân
Ferfiersmaatskippij Connexxion sil de klachten oer de tsjinstregeling op koarte termyn oanpakke. Sa wurde yn Fryslân op drokke linen gruttere bussen ynset. Ek wurdt mei skoallen praat oer in bettere oansluting fan it busferfier.
Dat is woansdei sein by de presintaasje fan de jiersifers. Dêrút docht bliken dat Connexxion yn Fryslân ferline jier 25 prosint mear reizgers lutsen hat.