Plysje: 200 euro derby

23 jan 2008 - 10:56

Twahûndert euro der by is net iens genôch om it ferlies fan ynkommen fan de lêste jierren te kompensearjen. Dat seit plysjeman Siebe Jongsma. Hy hat de deistige koördinaasje fan it plysjeburo yn Dokkum.

Woansdei wie dat buro twa oeren ticht om te staken foar in bettere CAO. De fakbûnen easkje in leansferheging fan 200 euro netto. Dan noch is Jongsma net werom op it ynkommen dat er yn 2001 hie, sa hat er útrekkene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)