Jongereinried A'karspelen los

23 jan 2008 - 07:42

Yn Achtkarspelen is tiisdeitejûn in jongereinried ynstallearre. Dizze ried jout de gemeenteried tenei advizen oer it te fieren jeugdbeleid. De leden fan de jongereinried bepale dan sels om wat foar ûnderwerpen it giet en fergaderet tsien kear yn it jier. De leden binne tusken de 12 en 18 jier. Se kinne tenei faker oan it wurd komme oer de ûnderwerpen dy't harren reitsje, want sy witte wat de jeugd dwaande hâldt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)