Loket foar wurksykjende frou

© Omrop Fryslân
Allochtoane froulju soene by in spesjaal loket telanne moatte kinne as se in baan of oare oplieding sykje. Earder waarden tsien heechoplieden allochtoane froulju begelieden yn it maatsjesprojekt Smart Ties. Dy ûnderfining hat leard dat der net genôch coaching is.
Woansdei praat emansipaasjeburo Equa mei belutsen partijen oer de oprjochting fan sa'n loket.