Sûnensoanklacht ATF-brân

22 jan 2008 - 17:18

Njoggen minsken mei sûnensklachten as gefolch fan 'e ATF-brân stappe nei de rjochter om in skeafergoeding. By de ôffalferwurker yn Drachten baarnde yn maaie 2000 fiif ton gemysk ôffal op.

In jier ferlyn waard nei in ûndersyk fan de GGD dúdlik dat de reek sûnensklachten feroarsake hat. De troffen minsken hawwe problemen mei de luchtwegen, konsintraasje en se binne wurger as foar de brân. It giet ûnder oare om brânwacht- en plysjeminsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)