Dimpte Molenwyk: winkels fuort

22 jan 2008 - 16:18

Winkels en hoareka oan 'e westkant fan 'e Dimpte Molenwyk op It Hearrenfean moatte der wei. Dat stiet yn 'e nijste sintrumplannen fan 'e gemeente en wenningkorporaasje Arqin.

It sintrum moat foar tsientallen miljoenen euro's opknapt wurde. Omdat de ideeën hieltyd djoerder útpakten, binne se no fersimpele, mei as gefolch dat hoareka en winkels ferdwine moatte. De gemeente moat noch mei de ûndernimmers oer de plannen prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)