Fernuvering oer ûntslaggen

22 jan 2008 - 15:53

Fakbûnen CNV en FNV binne fernuvere oer de reorganisaasjeplannen by de Accoladegroep. By it gearwurkingsferbân fan fiif wenningkorporaasjes krije santich minsken dien. Yn fyftjin gefallen giet it om twongen ûntslaggen.

De Accoladegroep moat reorganisearje omdat de kosten fan de fúzje fan de fiif wenningkorporaasjes út de hân rûn binne. De fakbûnen fine dat de Ried fan bestjoer foar syn beurt praat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)