Foarronde Lagerhuisdebat

© Omrop Fryslân
Fiif Fryske skoallen dogge mei oan 'e foarronde fan de debatwedstryd Op weg naar het Lagerhuis. It giet om teams fan tsien learlingen. Se leare mienings te foarmjen en dy goed ûnder wurden te bringen.
De foarronde is tongersdei. De learlingen debattearje oer stellings lykas de fraach oft de leeftydsgrins foar alkoholdrinken omheech moat fan 16 nei 18 jier. De winners geane troch nei de achtste finales yn Amsterdam.