Plysjepost: parfumstellerijen

22 jan 2008 - 11:15

De twa parfumstellerijen yn Surhústerfean en Boalsert komme jûn yn it opspoaringsprogram Plysjepost op Omrop Fryslân Televyzje. Fierders is der ek omtinken foar falske eurobiljetten en in stellen speedboat.

Opsporing Verzocht op Nederlân 1 giet ûnder oare oer twa klûskreaken, yn Drachten en Wynjewâld. Yn Súdlaren en Roden wiene fergelykbere gefallen. De plysje tinkt dat it om deselde dieders giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)