Rabo-Interpolis SKS-sponsor

Interpolis Rabobank is de nije haadsponsor fan it SKS-skûtsjesilen. It giet om de Fryske ôfdieling fan de Rabobank en de lanlike ôfdieling fan Interpolis. It kontrakt rint 3 jier, mei in opsje foar nochris 2 jier. It is de bedoeling om langer mei elkoar troch te gean. Om hoefolle jild it giet, wol de nije sponsor net sizze.
Interpolis-Rabobank is de opfolger fan Douwe Egberts. Dy hat de SKS mear as tweintich jier sponsore.