Weryndieling: Snits ferdield

© Omrop Fryslân
Yn Snits wurdt ûngelyk tocht oer de gemeentlike weryndieling yn Súdwest-Fryslân. Maatskiplike organisaasjes en ûndernimmers praten dêr moandei oer op in drokbesochte gearkomste. Guon wolle dat Snits selsstannich trochgiet, oaren pleiten foar ien grutte Súdwesthoekegemeente. As nije fariant wie der in foarstel foar in gemeente mei as grinzen de A6 en de A7. De befolking fan Snits mei woansdei oer de saak prate.