Amper wetteroerlêst troch rein

22 jan 2008 - 10:04

It reinwetter dat maondei mei bakken út de loft fallen is, hat amper foar oerlêst soarge yn 'e provinsje. De riolearing koe it goed oan, seit de brânwacht.

Yn tochsneed is der 30 millimeter reinwetter fallen. Yn Drachten en omkriten wie it folle mear. Dêr foel goed 41 millimeter. Wolvegea hie tiisdei al te kampen mei wetteroerlêst. Dat hie in oare oarsaak: de wetterlieding wie brutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)