Haadklassers tsjin topklasse

21 jan 2008 - 22:24

De fuotbalklubs út de sneonshaadklasse C, mei ONS Snits, binne fûl tsjin de komst fan de topklasse. Dat is in plan fan it KNVB om tusken de earste divyzje en de haadklassen ien of mear topklassen te begjinnen.

De klubs út de sneonshaadklasse C fine dat de komst fan de topklasse finansjeel negative gefolgen hat. Dat komt troch ûnder oare minder sponsorynkomsten. Boppedat binne se benaud foar minder taskôgers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)