Spoedarbitraazjesaak Alves

21 jan 2008 - 17:51

De saak fan Hearrenfean-spits Afonso Alves is moandei noch yngewikkelder wurden. Want Alves hat by de KNVB in spoedarbitraazjesaak oanspand tsjin AZ. Wêr't de saak krekt oer giet, is net bekend makke. Mar nei alle gedachten wol Alves dat it kontrakt dat him oan AZ bynt ûnjildich ferklearre wurdt.

Alves tekene yn desimber in kontrakt by AZ, mar liet begjin jannewaris witte dat er net nei Alkmaar wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)