10 jier sel easke dea Klaver

der is 10 jier sel easke yn de saak Tessa Klaver
De rjochtbank yn Grins hat moandei tsien jier sel easke tsjin in man (22) út Grins. Hy wurdt derfan fertocht Tessa Klaver (19) fan Donkerbroek om it libben brocht te hawwen. Dat wie april foarich jier.
De fertochte komt út Easterwâlde en studearre yn Grins. De twa hiene in relaasje, mar dat gie net goed mear. Tessa Klaver waard fûn yn har appartemint yn Grins. Se wie smoard. De fertochte waard oppakt en bekende.