Fúzje twa kuorbalklubs

21 jan 2008 - 14:28

De Ljouwerter kuorbalferienings Friso en Rapiditas stappe ynkoarten byinoar. De fúzje moat op 1 july 2008 rûn wêze. De nije feriening sil spylje op de sportfjilden fan sportkompleks Nijlân, dêr't Friso no ek spilet.

De nije feriening hat aanst goed 200 leden en sil heal febrewaris de namme en de klubkleuren bekend meitsje. Op termyn wolle de kuorballers miskien de oerstap meitsje nei de Súdlannen, de nije wenwyk fan Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)