Wûnseradiel tsjin weryndieling

boargemaster Piersma
Hast de helte fan alle ynwenners fan Wûnseradiel is tsjin in weryndieling yn de gemeente. Dat docht bliken út in peiling ûnder goed 750 ynwenners. Dy is hâlden yn opdracht fan de ried.
Sa'n 30 prosint is foar weryndieling en 20 prosint makket it neat út. De tsjinstimmers sitte fral yn it kamp fan de FNP. As der al in weryndieling komt, kin Wûnseradiel it bêste fusearje mei Boalsert, sa fine de measte ynwenners.