VVD kritysk oer Nij Saailân

21 jan 2008 - 09:27

B & W fan Ljouwert moatte alle kosten fan it projekt Nij Saailân goed en folslein op in rychje sette. De VVD wol dat de ried in folslein byld krije fan alle finânsjes fan it projekt.

Ek freget de fraksje om alternative mooglikheden foar problemen lykas it ferdjipjen fan de parkeargaraazje en de yn- en útgong dêrfan. De ried kin dêrtroch better besluten nimme. De gong fan saken mei it Saailân is de VVD min nei't sin, sa skriuwt de VVD.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)