Lykspul SCO tsjin Mid-Fryslân

20 jan 2008 - 17:00

De Fryske twastriid yn de haadklasse fan it sealkuorbal tusken SCO en Mid-Fryslân krige dizze kear gjin winner. Yn in grôtfolle sporthal De Steense fan Wolvegea waard it 24-24. It wie in wedstriid mei in protte spanning, in soad fysyk spul, te min goed kuorbal en mei SCO hast de hiele wedstriid op foarsprong.

Mid-Fryslân liet mei dit lykspul it earste punt yn de kompetysje lizze, mar de ploech bliuwt wol koprinner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)