Bos falt op 500 meter

20 jan 2008 - 15:31

Jan Bos is snein fallen op de 500 meter op it WK sprint yn Thialf. Dêrmei binne syn kânsen op in medalje fuort. Hy stie nei de earste dei twad yn it klassemint. De Kanadees Jeremy Wotherspoon waard twadde op de 500 meter. Hy liket dermei hast wis te wêzen fan syn fyfde wrâldtitel. Winner op de 500 meter wie de Koreaan Kyou-Hyuk Lee mei 34,85.

Bêste Nederlanner yn it klassemint nei trije ôfstannen is Simon Kuipers (4e).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)