Jenny Wolf wint wer 500 meter
Jenny Wolf hat snein opnij de 500 meter wûn yn Thialf. De Dútse wûn in dei earder ek al dy ôfstân ip it WK sprint. Annette Gerritsen einige as tredde yn in tiid fan 38,44. Marianne Timmer waard fyfde yn 38,64 en Anni Friesinger einige as sande.
Nei trije ôfstannen liedt Wolf it klassemint, folge troch Friesinger, Gerritsen en Timmer. Ireen Wüst kin in medalje wol ferjitte. De Europeesk allroundkampioene wie net rap genôch.